'Rjochter kin gasboarjen keare'

© Omrop Fryslân
Inkeld de rjochter soe it boarjen nei gas yn de Waadsee noch keare kinne. Dat tinkt Twadde-Keamerlid Samsom fan de PvdA. Hy besocht de gasboarrings tsjin te hâlden, mar de Keamer stimde mei grutte mearderheid foar gaswinning.
As kompensaasje derfoar wol de Keamer dat it regear 800 miljoen euro yn in op te rjochtsjen waadfûns stoart. Ut dat fûns moatte ynvestearrings yn natuer en ekonomy yn it Noarden dien wurde.