Gewelddiedige oerfal oplost

24 nov 2004 - 13:23

Mei de oanhâlding fan seis manlju út Dronten hat de plysje in oerfal mei geweld oplost. De manlju wiene yn septimber nei in jûntsje stappen útnoege yn it hûs fan in Ljouwerter, oan de Anthonystrjitte.

Dêr ûntstie spul oer it beteljen fan drugs. Trije Ljouwerter waarden dêrby mishannele. De oerfallers naaiden út mei de mobile telefoans fan de Ljouwerters. Oan de hân dêrfan koe de plysje de fertochten opspoare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)