AnCopriis foar Tsead Bruinja

© Omrop Fryslân
De AnCopriis fan 2005 giet nei de Fryske dichter Tsead Bruinja. De priis foar Fryske kultuergiganten is in inisjatyf fan de dichters Anne Feddema en Cornelis van der Wal.
Eardere winners wienen Eric Hoekstra en Eeltsje Hettinga (Kistwurk) en Pieter de Groot (Leeuwarder Courant). De priis bestiet út in glês bier (of fris) en in gehakbal (of tosty), in keunstwurk fan Feddema en in gelegenheidsgedicht fan Van der Wal.