Enkête nei ûnderwiis Opsterlân

© Omrop Fryslân
It Opsterlâns Belang wol dat in gemeentlike enkêtekommisje de problemen mei it iepenbier ûnderwiis ûndersiket. De partij sei dat moandei op de kommisjegearkomste oer de krityk fan 'e ûnderwiisynspeksje op de kwaliteit fan it iepenbier ûnderwiis yn Opsterlân.
Neffens de ynspeksje ûntbrekt it bot oan lieding. Wethâlder Ate Duursma lei bot ûnder fjoer. Yn de riedsgearkomste fan 6 desimber krijt Duursma (CDA) te hearren oft er bliuwe mei of net.