Soad steurings by Blauwe Golf

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter swimbad De Blauwe Golf hat rôfbou begien op 'e apparatuer. Sûnt it Kealledykje ticht is, is it sa drok yn it swimblad, dat der in soad technyske steurings binne. It is yn it swimbad of te hyt of te kâld, it bûbeltsjebad bûbelt net mear en der binne gjin golven yn it golfslachbad.
De poartsjes by de kassa binne ek noch stikken. Om it wer goed te meitsjen wol BV Sport it swimbad yn 'e krystfakânsje ien middei fergees iepen stelle.