Ekstern personiel kostet tefolle

23 nov 2004 - 11:55

It ynhieren fan tydlik personiel kostet Achtkarspelen noch hieltyd in soad jild. Mear as op de begrutting oanjûn is, sa docht bliken út de neijiersnota. Neffens it kolleezje is der struktureel mear jild nedich om in ein te meitsjen oan de hege kosten.

De gemeente besocht earder al om sike meiwurkers sa min mooglik te ferfangen troch ekstern personiel. Dat holp net. De gemeente hat in posityf saldo fan hast 110.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)