Aksje foar stipe pjutteliedster

© Omrop Fryslân
Sechtjin assistint-pjutteliedsters yn Ljouwert ferlieze mooglik har wurk. It giet om ID-banen en de gemeente wol dêrop besunigje. Mei hantekens hoopje de 22 pjutteboartersplakken de besunigings te kearen. De 800 hantekens binne oan wethâlder Van Mourik oanbean.
De assistint-liedsters soene ûnmisber wêze op de pjutteboartersplakken. Nei alle gedachten folget der no in gesprek tusken wethâlder Van Mourik en de pjutteboartersplakken.