Awacs op fleanbasis Ljouwert

23 nov 2004 - 10:37

De Ljouwerter fleanbasis krige moandei in Awacs op besite. It giet om in grut radarfleantúch fan 'e NAVO mei it Dútse Geilenkirchen as thúsbasis. De Awacs is hjir yn it ramt fan in oefening mei de F-16's fan 'e fleanbasis.

De Awacs hingje op tsien kilometer hichte om mei de radar de loft 500 kilometer yn it rûn ôf te taasten. De bylden wurde troch 13 minsken oan board besjoen en trochstjoerd nei de F-16's, dy't dan yn aksje komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)