Berm Skânsdyk ferhege

© Omrop Fryslân
Eaststellingwerf docht in proef mei in nije oanpak tsjin it stikken riden fan bermen. Op smelle diken wurde bermen by passearjen en ynheljen regelmjittich kapot riden. Moandei is dêrom útein set mei it ferheegjen fan de bermen fan de Skânsdyk by Waskemar.
Oer twa wike is it allinne op spesjale passearplakken of by útritten noch mooglik te passearjen. De berm is dan nammentlik in heale meter heech. As de proef slagget wurde mear diken oanpakt.