Manlju Wik-FTC klubkampioen

© Omrop Fryslân
De manljusturners fan Wik-FTC fan it Hearrenfean binne snein op 'e nij klubkampiuoen fan Nederlân wurden. Benammen de jongste fan 'e buorren Zonderland, Epke, die it goed. Nettsjinsteande in blessuere oan de hân helle er dochs in poerbêst puntetotaal.
De manljusploech fan trener Gerard Speerstra bestie fierder út Johan en Herre Zonderland, Anthony Runia en Marten Holtrop.