Foljebalsters Snits kânsleas

22 nov 2004 - 17:28

Ek yn de sande kompetysjewedstriid wisten de foljebalsters fan Snits net te winnen. Snein ferlear de ploech fan trener Olof van der Meulen kânsleas mei 0-3 fan Weert.

De setstannen wiene 20-25, 17-25 en 16-25. Weert wie fûler en makke net in soad fouten. Nei ôfrin fan de wedstriid krigen de de Snitser froulju fuortendaliks in straftrening om't se fierstente slap spilen. De ploech stiet ûnderoan yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)