Mear kar foar studinten

22 nov 2004 - 17:19

Studinten fan de trije hegeskoallen yn Ljouwert kinne tenei by alle trije skoallen kolleezjes folgje. Sa kin ien fan hotelskoalle bygelyks op de HTS les krije oer hoe't je in keuken meitsje.

De direksjes fan de hegeskoallen, de CHN, de NHL en it Van Hall-ynstitút, ha dêroer ôfspraken makke. It foardiel foar studinten is dat sy mear kar ha op it mêd fan ûnderwiis. Dêrneist moat it de trochstream fan studinten tusken de hegeskoallen ferbetterje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)