Twa deaden by De Falom

22 nov 2004 - 16:22

By ûngelokken by De Falom binne sneontenacht twa minsken om it libben kaam. It giet om in frou (34) út Minnertsgea en in man (47) út Driezum. Fjouwer oare minsken rekken ferwûne.

Glêdens wie neffens de plysje de oarsaak. Nei alle gedachten is der earst in auto skeef oer de dyk gliden. Dêr binne seis auto's by opbotst. De Hoofdweg by De Falom hat in skoft ôfsletten west fanwege de slimme auto-ûngemakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)