Gearkomste oer gesach wethâlder

22 nov 2004 - 11:43

Leden fan de gemeenteried yn Opsterlân ha har twifels by it gesach dat wethâlder Duursma noch hat by personiel en âlden fan de skoallen. Moandeitejûn praat de riedskommisje 'Maatskiplike Oangelegenheden' oer de problemen yn it ûnderwiis yn de gemeente Opsterlân.

Oan de oarder is dan it rapport fan de ûnderwiisynspeksje. De wethâlder hat yntusken in plan fan oanpak skreaun om de problemen op te lossen, mar foar guon riedsleden is dat net genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)