Ruten ynsmiten by moskee Snits

© Omrop Fryslân
By de moskee yn Snits binne yn de nacht fan sneon op snein trije ruten ynsmiten. In tsjûge koe in dúdlik sinjalemint fan de dieder jaan. De plysje hat dêrop in 20-jierrige ynwenner fan Snits oanhâlden.
Op it buro die lykwols bliken dat dy man it net dien ha koe. Hy hie bygelyks in oare fyts as dy't de tsjûge sjoen hie. Hy is ferfolgens wer frijlitten. De plysje hat de saak yn ûndersyk.