Man rydt troch ôfsetting Falom
In 20-jierrige automobilist út Burgum ried sneontenacht troch de ôfsetting by De Falom. De dyk wie ôfset fanwege slimme ûngelokken. Doe't de man ta stilstean brocht wie troch de plysje, ferklearre er dat er neat sjoen hie.
De man woe fierder net meiwurkje. Hy is dêrom oanhâlden en oerbrocht nei it buro. Hy krige in proses-ferbaal foar mislediging. Ek die bliken dat de man fierstente folle dronken hie. It rydbewiis fan de fertochte is ynnaam.