Woudagemaal wer útset

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat sneintemiddei om 17.00 oere it Woudagemaal by Teakesyl wer útskeakele. Neffens wurdfierder De Jong is it wetterpeil yn de provinsje foldwaande sakke. Boppedat kin der op it heden wer goed wetter loasd wurde by de sluzen fan de Lauwersmar en by Harns.
It Woudagemaal waard krekt foar it wykein oanset, om de grutte protten reinwetter fuort te wurkjen. De tsjettels wurde noch waarm halden. By need kin it gemaal opnij oanset wurde.