EK transportbânlaskjen by Dunlop

© Omrop Fryslân
It earste Europeesk kampioenskip transportbânslaskjen is sneontemiddei hâlden yn Drachten. Dat barde by bannebedriuw Fenner Dunlop. Dat makket njonken autobannen ek rinnende bannen foar ûnder oare de semint- en stielyndustry.
Dizze transportbannen moatte oan inoar fêst makke wurde. Yn it Ingelsk hjit dat 'finger-splicing'. Sa'n 30 teams út hiel Europa diene mei. Bedoeling is dat it EK tenei alle jierren hâlden wurdt.