'Undersyk ynteelt Frysk hynder'

21 nov 2004 - 15:43

Ynteelt fan it Fryske hynder moat ûndersocht en behearske wurde, oars bliuwt it in probleem. Sa die sneon bliken op it 125-jierrich jubileum fan it Frysk Hynstestamboek yn Ljouwert.

Ek al binne der no hast 50.000 Fryske hynders, ea wiene dat der mar 1000. De gefolgen binne noch te fernimmen yn de foarm fan syktes. De takomst fan it Fryske hynder moat neffens Hellinga, direkteur fan it Hynstestamboek, socht wurde yn de dressuersport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)