Grutte plaat falt fan Achmeatoer

© Omrop Fryslân
Freed is foar de tredde kear in grutte natuerstiennen plaat fan 'e Achmeatoer yn Ljouwert nei ûnderen fallen. Der binne gjin slachtoffers fallen, mar der wie wol skea oan in dak twa meter leger. Troch dizze skea hat it lekt yn it fersekeringsgebou.
Achmea is tige fernuvere oer de gong fan saken, want nei eardere ûngemakken wiene ferskate maatregels nommen om soks foar te kommen. Moandei wurde ekstra ferankerings oanbrocht.