Ungemakken troch glêdens

© Omrop Fryslân
By ûngelokken op de grutte dyk by Marsum binne freedtemiddei trije minsken ferwûne rekke. Fanwege it minne waar rekken seis auto's belutsen by ûngelokken. It weidek is sjippeglêd fanwege swiere hagelbuien. De dyk is ôfset en it ferkear wurdt omlaat.
Ek op de Wâldwei ha ûngelokken west. De plysje warskôget it ferkear om de faasje oan te passen. Neffens de waarsferwachting bliuwt de kâns op winterske buien ek sneon noch bestean.