Amateurwedstriden geane oer

© Omrop Fryslân
De KNVB hat dit wykein alle wedstriden yn distrikt Noard fan it amateurfuotbal ôflaske. Dat betsjut dat alle wedstriden yn Fryslân, útsein dy yn de haadklasse, net trochgeane. It beslút hat te krijen mei it minne waar mei winterske buien.
Oer de wedstriden op haadklassenivo en oer dy yn de heechste klasse fan de froulju en de A-junioaren wurdt lanlik in beslút naam. Op it stuit binne dy kompetysjes noch net ôflaske.