Dei-opfang Sudergrêftswâl ticht?

© Omrop Fryslân
De dei-opfang foar harddrugsferslaafden oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert sil nei alle gedachten slute. De opfang wurdt mei in nije brûkersrûmte ûnderbrocht by de opfang foar alkoholferslaafden oan de Tunen.
Dat foarstel leit wethâlder Hafkamp ynkoarten foar oan de gemeenteried. Besikers fan de dei-opfang oan de Sudergrêftswâl wolle har gebou oan de Súdergrêftswal leaver net kwyt. Sy binne tige tefreden mei de opfang dêr.