Deade heakbek nei Natuermuseum

© Omrop Fryslân
De seldsume heakbek dy't fannewike tsjin in rút fan in hûs yn Ljouwert te pletter fleach, komt yn it Natuermuseum Fryslân. It museum hat noch gjin heakbek yn de kolleksje en sil it fûgeltsje opsette litte.
De heakbek is in hiel seldsume fûgel en wie sûnt 1800 noch mar fjouwer kear sjoen yn Nederlân. It bist is nei't it tsjin it rút fleach nei de Fûgelhelling yn Oerterp brocht, mar is dêr deagien. De heakbek is aanst foar elk te sjen.