Drokte om bydrage MRI-scanner

© Omrop Fryslân
De finansjele bydrage foar de MRI-scanner fan it sikehûs yn Dokkum soarget foar grutte ferdieldheid yn de gemeenteried fan Kollumerlân. In part fan de ried fynt it gjin goede saak dat der 6500 euro gemeentlik jild ynstutsen wurdt.
Sân fan de fyftsjin riedsleden binne benaud dat de gemeente tenei faker sokke fersiken krijt. Neffens boargemaster Bilker is der lykwols sprake fan in útsûndering.