Jonge Undernimmerspriis útrikt

19 nov 2004 - 10:37

Nelleke Mulder fan Snits hat tongersdei de Jonge Undernimmerspriis 2004 wûn. Dat is in jierlikse ûnderskieding foar suksesfolle, startende ûndernimmers yn it Noarden. Mulder jout mei har bedriuw Dress for Success minsken advys oer klean, kapsel en make-up.

De sjuery wie benammen te sprekken oer de wize wêrop at Mulder har bedriuw opset hat en de goede presintaasje. It wie foar de tredde kear dat de Jonge Undernimmerspriis útrikt waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)