'Kampanje ûnder âlders nedich'

© Omrop Fryslân
Der moat in goeie kampanje komme ûnder (takomstige) âlders fan jonge bern om harren te wizen op de grutte foardielen fan it twatalich grutbringen. Dat seit professor Durk Gorter as reaksje op de taalankête 'Frysk vet cool?! fan Omrop Fryslân. Neffens dit ûndersyk wurdt yn benammen mingtalige húshâldings - en dy binne der in soad - mar in bytsje Frysk mei de bern praat.
It ûndersyk makket dúdlik dat it Frysk in bedrige taal is, sa seit Gorter.