SKL: 'berne-opfang is net djoer'

18 nov 2004 - 14:59

De Stichting Kinderopvang Leeuwarden is tongersdei útein set mei in grutte kampanje om âlden derfan te oertsjûgjen dat berne-opfang minder djoer is as sy faak tinke. Alden miene dat berne-opfang 5 oant 10 euro yn 'e oere kostet, wylst dat bedrach yn de praktyk faak folle leger is.

Mei yngong fan ien jannewaris giet de nije wet berne-opfang yn. De kosten foar opfang moatte dan dield wurde troch wurkjouwers, âlden en de oerheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)