Wynmûnen fersteure útsjoch

18 nov 2004 - 14:59

Boalsert hat buergemeente Wûnseradiel in protestbrief skreaun oer de hichte fan wynmolens by Beabuorren. Dat leit krekt yn it grûngebiet fan Wûnseradiel.

De molens binne te heech en soene it útsjoch fan de Boalserters beheine. Mar nei alle gedachten sil de kommisje berops- en beswierskriften de protestbrief net-ûntfanklik ferklearje. Boalsert soe it beswier twa dagen te let nei it gemeentehûs yn Wytmarsum stjoerd hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)