'Seediken binne heech genôch'

© Omrop Fryslân
Friezen hoege net benaud te wêzen dat it lân yn de takomst ûnderstrûpt. De Fryske seediken binne heech genôch en wurde goed kontrolearre. Dat seit it wetterskip as reaksje op in ûndersyk fan buro GeoConsult yn Haarlem.
Dat hat konstatearre dat de boaiem yn Fryslân mear sakje sil as ferwachte. Op guon plakken by de kust giet it om 40 sintimeter. Foar it Wetterskip Fryslân is der lykwols gjin reden foar panyk.