Oerfal en bedriging mei mes

18 nov 2004 - 12:36

In 24-jierrige winkelmeiwurkster is woansdei yn Drachten yn de saak oan de Ringweg oerfallen en mei in mes bedrige. De frou wie yn it magazyn oan it wurk doe't de bel fan de winkel gong. Der wie in man binnenkommen dy't jild easke en mei in mes drige.

De frou hat him wat jild jûn. De man is doe útnaaid op 'e fyts, mar koe oanhâlden wurde troch de plysje. Hy hie kokaïne en heroïne by him. It giet om in 33-jierrige Drachtster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)