Fergese pianolessen by Parnas

18 nov 2004 - 11:29

It sintrum foar de keunsten Parnas yn Ljouwert biedt trije fergese pianolessen oan. It oanbod is jildich foar elk boppe de sân jier. Parnas docht dat yn it ramt fan Sinteklaas.

Se hoopje sa mear belangstelling foar it muzykûnderwiis te krijen. Der is in maksimum tal lessen dus jildt der dat hoe gauer je je oanmelde by Parnas, hoe mear kâns je hawwe op de fergese pianolessen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)