FCDF hâldt foar part op yn Sina

© Omrop Fryslân
Friesland Coberco Dairy Foods hâldt foar it grutste part op mei syn aktiviteiten yn Sina. It suvelkonsern hat in mearderheidsbelang yn it ferlieslijende bedriuw Friesland Tianjin Dairy Foods.
Friesland Coberco wol noch mar in belang fan 5 persint yn it bedriuw hâlde. Friesland Coberco hat ek noch in ferkeapkantoar yn Hongkong, dat soarget foar de ferkeap fan oare produkten. Dat falt bûten it bedriuw Friesland Tianjin.