Museum Belvédère nije wike iepen

18 nov 2004 - 09:32

It nije museum Belvédère en it museumpark Landgoed Oranjewâld ferwachtsje sa'n 25.000 oant 30.000 besikers yn it jier. Dat sei direkteur Thom Mercuur woansdei, in wike foar de offisjele iepening troch keninginne Beatrix.

It earste Fryske museum foar moderne keunst hat sa'n 6 miljoen euro koste. In pear betelle krêften en sa'n 70 frijwilligers moatte it museum draaiende hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)