Produktskippen noch nedich?

© Omrop Fryslân
Mei troch de aksjes fan slachter Wildeboer fan Brada yn Ljouwert wol minister De Geus no dat de 17 produktskippen dúdlik meitsje dat se noch besteansrjocht ha. De ôfrûne moannen wegere Wildeboer om ferplichte heffings te beteljen oan it Produktskip foar fee, fleis en aaien.
Wildeboer fynt dat it produktskip neat docht foar de boeren. De produktskippen krije no oant de simmer fan '05 de tiid om te bewizen dat se al nedich binne.