Kampanje húslik geweld melde

© Omrop Fryslân
Tsientûzen minsken yn Fryslân binne alle jierren it slachtoffer fan húslik geweld. Mar tsien prosint meldt it geweld. Dat docht bliken út sifers fan de plysje.
In lanlike kampanje moat geweld yn 'e húslike sfear oan it ljocht bringe. De kampanje moat derfoar soargje dat mear minsken melding meitsje fan mishanneling. Plysje, maatskiplik wurk en wolwêzensynstânsjes wurkje gear om it probleem oan te pakken.