Heakbek oerlibbet klap net

© Omrop Fryslân
De seldsume heakbek yn de Fûgelhelling yn Oerterp is dea. It fûgeltsje waard moandei nei de Fûgelhelling brocht, nei't it yn Ljouwert tsjin in rút oanflein wie.
De heakbek is sûnt 1800 noch mar fjouwer kear yn Nederlân sjoen. It bist is in bytsje grutter as in protter en komt foar yn it gebiet tusken Noard-Skandinavië en Midden-Siberië. Ek fljocht de heakbek yn Noard-Amearika rûn.