Plysjeman krijt dien nei fraude

16 nov 2004 - 16:59

In plysjeman fan 33 jier hat dien krigen. Hy hat fraudearre mei rekkens fan de syktekosten. De haadagint wurke yn it distrikt Midden Fryslân. Ut ûndersyk die bliken dat er bedraggen feroare op besteande rekkens en sels ek rekkens makke en yntsjinne.

Hoe grut de fraude is, wol de plysje net sizze. De man waard al in skoft yn de gaten hâlden. It Iepenbier Ministearje docht in strafrjochterlik ûndersyk nei stikferfalsking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)