Jonge oanrander oppakt

16 nov 2004 - 16:52

De plysje hat moandeitemiddei in jonge út Hearrenfean oanhâlden. Hy hie ferline wike in famke oantaaste yn syn wenplak. Dat wie op De Fluessen. De plysje koe de jonge oppakke op basis fan in sinjalemint. Hy is meinommen nei it buro. Sawol de jonge as it famke binne minderjierrich.

De jonge is mooglik ek belutsen by fiif oare gefallen dêr't famkes tusken de 10 en 17 jier op It Hearrenfean lestich fallen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)