'Piter Jelles Kollum iepenhâlde'

© Omrop Fryslân
VMBO-skoalle Piter Jelles yn Kollum moat bliuwe. En dat kin ek neffens in wurkgroep dy't it fuortbestean fan de skoalle besjoen hat. It skoalbestjoer fynt dat de skoalle ticht moat om't der te min learlingen binne.
Neffens de wurkgroep is it bêst mooglik dat der mear nije learlingen bykomme. De belutsenen by it Piter Jelles wolle 2 maart in spesjale iepen dei hâlde. Dat giet yn tsjin it beslút fan it bestjoer om de iepen dei te skrassen.