Advys: Rebecca en RTL fan kabel

16 nov 2004 - 15:30

De programmaried fan UPC Fryslân wol oar jier fjouwer radiostjoerders út it kabelpakket helje. Dêrby binne Rebecca en RTL FM. Dat stiet yn it foarriedich advys dat de ried opsteld hat.

De programmaried stelt UPC foar om de stjoerders Rebecca, RTL FM, BBC1 en Colorful Radio út it pakket te heljen. Dêrfoar yn it plak soene Juize FM, BBC2, BBC3 en RadioNL komme moatte. Op de frekwinsje fan it earder ferdwûne Veronica soe Klara komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)