Betelje mei 'bollen' yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Boalsert krijt in nije munt: de Bol. It is net in regulier betelmiddel. It gebrûk is beheind ta it Ruilnetwerk Boalsert, in plan fan sân minsken. It is itselde systeem dat lanlik bekend is ûnder de namme Lets. Dêrby wurde ûnderling tsjinsten of guod ruile.
De tsjinst dy't oanbean wurdt, smyt in tal bollen op. Mei dy bollen kin wer in tsjinst weromfrege wurde. It nije ruilnetwurk wurdt tongersdei presintearre yn Boalsert.