Niko Valkeapää op Eurosonic

© Omrop Fryslân
Wa't winner Niko Valkeapää fan Liet Ynternasjonaal nochris live besjen en beharkje wol kin yn jannewaris 2005 telâne op it Eurosonic-festival yn Grins. Niko Valkeapää is de alderearste Sámi-artyst dy't it grutte Europeeske rockfestival oandocht. Valkeapää jildt as in eksponint fan 'e oddaburru, de nije weach fan súksesfolle Sámi-bands.
Valkeapää wûn yn oktober yn Ljouwert op Liet Ynternasjonaal sawol de sjuerypriis as de publykspriis.