Palet wol sels ûnderhâld dwaan

16 nov 2004 - 10:40

Soarchynstelling Palet seit de gearwurking mei Nieuw Wonen op foar it ûnderhâld en de administraasje fan al har hûzen. Dy taken wiene sûnt 2000 útbestege oan Nieuw Wonen. Om't Palet de kontakten mei de hierders oanhelje wol, is dy útbesteging weromdraaid.

Ek komt der yn 2007 in ein oan de mienskiplike húsfesting oan de Marshallweg yn Ljouwert. Nieuw Wonen hat dy romte nedich. It haadkantoar fan Palet soe wol yn Ljouwert bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)