'Il Dono' wint de Matad'or

16 nov 2004 - 10:13

De Italjaanske film Il Dono wûn snein de Matad'or-priis op it Noardelik Filmfestival yn Ljouwert. Regisseur Michelangelo Frammartino krige as winner fan 'e Europeeske kompetysje de priis fan 10.000 euro en it byhearrende keunstwurk. De publykspriis gie nei de Argentynske film 'The motorcycle diaries'. De roadmovie oer Che Guevara waard wurdearre mei in njoggen.

It programma mei mear as 60 films luts dit jier 24.000 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)