Fernielings by Dokkumer skoalle

16 nov 2004 - 08:53

By it Piter Jelles kolleezje yn Dokkum binne dit wykein fernielings oanrjochte en rassistyske teksten op de muorren set. Yn de omkriten fan de skoalle binne sa'n 16 auto's fernield.

De direksje fan de skoalle is skrokken fan de fernielings en nimt de saak heech op. Moandeitemoarn is der ek yn de klassen omtinken oan jûn. Wa't ferantwurdlik is foar de fernielings, is noch net bekend. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)