B en W Snits by sûkerfeest

15 nov 2004 - 16:37

Yn alle seis moskeen yn Fryslân is snein it sûkerfeest hâlden. Dat is it tradisjonele moslimfeest as ôfsluting fan de Ramadan. Op it feest wurdt in soad swiet guod iten. Yn de Turkse moskee fan Snits waard it sûkerfeest bywenne troch boargemaster Brok en de wethâlders.

De besite wie al pland foar de moard op Theo van Gogh en de ûnrest dy't dêrnei ûntstie yn de maatskappij. Fansels waard der wol praat oer de ûnrêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)