De Jouwer - HSC: 1-0

15 nov 2004 - 16:11

Haadklasser De Jouwer hat sneintemiddei mei 1-0 wûn fan HSC '21 út Haaksbergen. De earste helte fan de wedstriid wie net sa spektakulêr. De ploegen wiene oan inoar weage. By rêst stie it 0-0.

Yn de alfde minút fan de twadde helte makke René Geertsma in doelpunt foar De Jouwer. HSC liet it der net by sitte en twong in soad corners ôf. De lykmakker bleau lykwols út. De twadde helte fan de wedstriid wie oanmerklik spannender as de earste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)