Tryater wol mear subsydzje ryk

15 nov 2004 - 14:27

In ôffurdiging fan toanielselskip Tryater set moandei ôf nei Den Haach om mei de Twadde Keamer-kommisje foar kultuer te praten. Tryater wol besykje mear subsydzje te krijen.

By de ferdieling fan de kultuerjilden hat it toanielselskip 1,5 miljoen euro krigen. Troch stigende kosten is der lykwols noch in tekoart fan fjouwer ton. De provinsje hat yntusken in bedrach tasein. Tryater hopet dat Den Haach ek oer de brêge komme sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)