Kramer sechsde op 5000 m.

15 nov 2004 - 10:21

Sven Kramer út Aldskoat hat snein yn Hamar op de 5 kilometer in prima tiid op syn namme skreaun. De debutant waard yn 6.28,87 sechsde en wie sadwaande noch better as allround-wrâldkampioen Chad Hedrick, dy't sande waard.

Gianni Romme waard earste op de 5 kilometer. De Brabanner ferbettere it baanrekord. Syn tiid wie 6.19,06. It âlde baanrekord wie 6.19,94. Romme bleau de Noar Oystein Grodum (6.20,88) en Bob de Jong (6.22,04) foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)